Folk Tale

De prinses dy't de klean ôffoelen

AuthorYpe Poortinga
Book TitleDe foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen
Publication Date1979
LanguageWestern Frisian
OriginNetherlands

Der wie ris in prins, dy wie fersein oan in jongfaam, in prinses. Mar wat langer as de ferloving duorre, wat mearas er ta it ynsjoch kaam, di hat mis west. Hy doarst it eins net útmeitsje, want de belangen fan 'e beide lannen wienen der mei anneks. Hy hâlde it noch in setsje út, mar syn tsjinnichheid yn it fanke waard hyltyd grutter. Doe wie 't safier, dat se achttjin jier wurde soe. Hy tocht, ei, lit my no ris in tige moaie jurk foar har keapje - smaak hat se sels net, it hinget der allegear omhinne as wiet hea om 'e skûte, hoe djoer de klean ek binne, en as ik der wat fan sis, krijt se in sin as in baarch.

De grutte dei kaam en doe sei er: 'Sjoch, dizze ha 'k foar dy kocht, soest him dalik wol oanlûke wolle?' No, sy die it, mar it like wer nearne nei, it wie noch in foddebosk, sa bongele alles der omhinne. Dêr sei er wat fan, mar dat wie pûdsje 't each út. De prinses waard lilk en de prins sei wat werom. It eine wurd helle it oare út en it waard heidenske rúzje. Sa breinroer waard dy guodlike prins, dat hy loek de ferlovingsring fan 'e finger en smiet him foar har del. 'Dêr! It is út', sei er, 'datst dy net iens fatsoenlik klaaie kinst, Ik gean fuort!'

De prinses waard duvels. 'Asto oait in dochter kriges', rôp se, 'en dy is achttjin jier, dan se dan neaken rinne mei!' Dêr lake de prins wat om. Godtank, tocht er, doe 't er bûtendoar stie, dy bin 'k kwyt!

It joech ynearsten fansels gâns opskuor ûnder de minsken en kribbekeurichheid tusken de beide keninkriken, mar dat saksearre gau. It jiers dêrop rekke er ferloofd mei in oare prinses en dat like gâns better. Noch in jier letter trouden se en it jiers dêr wer op krigen se har earste bern, in famke, en dat bliek spitigernôch meiïen it lêeste te wêzen.

Doe't dy dochter achttjin jier waard, wie de prins al lang kening. Hy en de keninginne praten ôf, se soenen foar de prinses op har achttjinde jierdei in prachtich moaie jurk meitsje litte, ien mei de fraaiste fersiersels. No, mem en dochter sochten ien en oar tegearre út en it waard sikerwier wat besûnders.

Doe sei de mem: 'Sjoch, moarn (dan wie it de grutte dei), as de gasten komme, hege en deftige lju, dan lûksto dy jurk oan by de ûntfangst en dêr silst eare mei ynlizze'. Dat lake har wol oan, it wie in kreas ding en alles stie har like goed. No, dy moarns wienen mem en dochter yntiids yn 'e prinses har klaaikeamer. De jurk mei alle tabehearen kaam oan en de keninginne sloech de hannen gear: 'Och, och', sei se, 'wat stiet er dy prachtich - moatst ris yn 'e spegel sjen!'

De prinses sjocht yn 'e spegel, en op datselde stuit falle alle klean fan har ôf, de prachtige jurk, de ûnderklean, alles - neaken stiet se foar de spegel. Se raast it út. De keninginne is al like kjel wurden, en dy raast noch lûder. De kening - hy stiet efter de doar - hy heart dat en de gasten, want de earsten binne al kommen, hearre it ek. Yn 'e fredesnamme, tinkt de kening, wat bart dêr - ik mei der wol hinne! Rimpen docht er de doar iepen en as er sjocht, hoe't it der foar stiet, docht er him noch rimpener efter him ticht. Hy hoecht net iens folle útlis, want it komt him yn 't sin, wat syn earste ferloofde him winske hat. Wie dat dan in hekse, freget er him ôf.

'Ei, besykje it noch ris', hjit er, 'de gasten stean klear - it sil wol in fersin wêze'. De prinses lûkt alles wer oan, se sil even yn 'e spegel sjen, en dêr falt alles foar de twadde kear by har del! It fanke gûlt it wer út. 'Ik doar net mear, ik doar net mear!' ropt se, 'heit en mem moatte hjir mar wei gean en sis mar tsjin 'e gasten, dat it feest hjoed oergiet'. Ferslein komme dy twa by de gasten. De kening nimt it wurd: 'Wy hoege der net omhinne te heljen - der is wat nuvers mei ûs dochter bard: alle klean dy't se oanlûkt falle har meiïen wer ôf. Der liket wol tsjoenderij yn 't spul te wêzen'. In protte gasten wolle it net iens leauwe, mar de kening siet: 'Minsken, al hoe't it my muoit, jimme sille nei hûs moatte'.

No, rûnom binne se wei kommen, dat it duorret mar efkes, dan is it frjemde nijs it hiele keninkryk oer bekend. De prinses sit mar neaken op har keamer en de kening en de keninginne binne der glêd mei oan. It wurdt wol ris besocht, de klean komme no en dan oan, mar se hoecht mar foar in spegel lâns te rinnen, ek sûnder dat se der yn sjocht, of se falle har al wer ôf.

Dat duorret sa wiken en wiken en as elkenien, de keninklike famylje, ja it hiele hôf, syn rie te'nein is, dan lit de kening bekend meitsje, dat bywannear't der earne in prins is dy't de prinses wer yn 'e klean helpe kin, sá dat se net wer ôffalle, dan mei dy mei har trouwe. Hy hat it al mei de dochter bepraat. 'Goed', seit se, 'ik trou mei elkenien dy't my fan dizze pleach ferlost'.

It wie in rike kening en in kreaze prinses, dat it duorre net lang, doe dage der al in prins op. 'Ja, no sit it sisa', sei de kening, 'der is in rare bepaling by. Wy kinne net tastean, dat in frjemd ús dochter neaken sjocht. Sa'n gegnúf en gedoch, dat kin net. Dat as it net slagget, dan rekkest de kop kwyt'. De prins hie in hiele grutte koffer fol klean meinommen. Hy twivele net oan himsels, dat hy sei: 'Dat is neat allegearre, kening, dit rêd ik wol op'. Doe begûn er út te pakken en de prinses die dy klean oan. Mar se hie amper in pear stappen troch de keamer dien, of se kaam foar in spegel lâns - en dêr foelen de klean wer hinne! De prins hie mear kleanspul meinommen, mar wat se ek oandie, gjin tried koe se oan 't liif hâlde. Dat wie spitich, benammen foar de dryste prins, want it koste him de kop. Likegoed kamen er noch twa oare prinsen op ta setten, mar dy fergong it net better. It like wol, oft it fanke neaken troch it libben moast.

Doe waard der op in kear by it paleis bûtenom ferve. Dêr wie in ferversbaas mei in ploech feinten oer gear. Op in moarntiid sieten se te skoftsjen en doe begûn de baas der oer. 'Wat is 't al wat', sei er, 'hjir wennet in prinses sa en sa. Der hawwe al trije prinsen west - net ien dy't it lokt'. Doe sei Sibbele, ien fan 'e feinten: 'Dat soe my wol slagje, mar ja - ik bin gjin prins'. De baas sei: 'Freegje it de kening - besykjen is 't neiste rjocht'. De oaren begûnen Sibbele te fergjen: 'Dat doarst net, jonkje! Dat doarst net heal!' 'Wedzje?' frege er, 'as jimme allegearre in gûne yn 't potsje dogge, dan stap ik nei de kening'. No, dat gong oan, allegear dienen se mei.

Sibbele stapt sa yn syn smoarge ferverskile nei de foardoar en skillet oan. It fint mei in moai pak oan docht iepen. 'Wat boadskip ha jo?' 'Ik woe graach de kening efkes te wurd, want ik kin wol meitsje, dat de prinses wer yn 'e klean kommt'. 'It moat net gekker', seit de moaie man, 'der út do!' Hy sil de doar tichtgoaie, mar de ferversfeint hat de klomp der al tusken. 'Hark ris', seit Sibbele, 'in prins kin it net, maar ikke wol'. Likegoed komt hy der net yn. It wurdt in hiel trelit, der komt al mar mear personeel op ta en guon besykje om dy klomp tusken de doar wei te traapjen. Dat hie ek oangongen, mar krekt op dat stuit komme de kening en de keninginne by de treppen del en sjogge dat ge-aksel. 'Wat spul is my dit?' freget de kening. 'Ei no, sire', antwurdet de man dy't op 'e doar past, 'dizze keardel beweart, dat er de prinses wer yn 'e klean helpe kin, mar it is mar ien fan 'e ferversfeinten dy't hjir oan 't bûtenomfervjen binne'.

'Ho ris!' seit de kening, 'ik ha no wol sein fan in prins, mar de prinsen binne takocht en mei in mindere man soenen wy ek bêst tefreden wêze'. De keninginne knikt en seit: 'As dat no noch ris barre mocht'. No litte se Sibbele der yn. De kening warskôget him noch reis goed: 'Do moatst it wol witte - as it dy net slagget en hâld se yn 'e klean, dan hâldst likemin in kop oer as dy trije prinsen!' Mar Sibbele seit: 'Lit dat mar oan my oer!' 'Wat jurken hast meinommen?' freget de keninginne. 'Dy bin 'k net brek - ik ha krekt de ferfkwast dellein, dat doch ik sa wol'. De kening skodhollet: 'Ik liket my raar ta - ik sil earst mei myn dochter prate'.

Sy prate in protte mei de dochter, heit en mem beide, en de prinses freget al gau: 'Hoe sjocht dy fint der út?' 'Dat liket net sa slim', seit de keninginne, 'der sit in kreas holtsje op, mei in pear gutige eagen, en sa yn 't foarkommen is 't in hiel aardige jonge'. 'No, lit him dan mar komme', seit de prinses.

De kening stapt nei him ta en seit: 'Do meist by har yn 'e keamer'. 'Dan ha 'k noch ien betingst', antwurdet Sibbele, 'ik moat de kaai ha fan dy keamer, want ik wol de doar oan 'e binnenkant op slot dwaan'. 'Gjin sprake fan', antwurdet de kening. 'No', seit Sibbele, 'dan giet it oere, hear. Dan giet it oer!' 'Toe lit him mar', trunet de keninginne oan, 'dat mei doch fierder gjin kwea!' 'Yn 'e goeddichheid', seit de kening, 'hjir hast de kaai'. Sibbele stapt de keamer yn by de prinses en docht de doar op slot.

En dan duorret it in hiel skoft. De kening en de keninginne steane fol spanning oan 'e oare kant de doar, mar se hearre noait wat. Op it lêst fljocht it de kening oan. Hy trommet op 'e doar en ropt: 'Prinses, is 't hast klear?' En dan heart er har mei in bliere stimme roppen: 'Nee, nee, nee, - heit moat noch even geduld dwaan, it is sa klear'. De âldelju sjogge mekoar oan en dan seit de keninginne: 'Jonge, jonge, wat heart dat fanke har lûd fleurich - ja bliid!'

Se moatte noch in kertierke tiid dwaan, dan giet de doar iepen, en dêr stiet de prinses - se hat de jurk oan dy't se op har achttjinde jierdei drage soe. Alles is yn oarder en efter har stiet, wat slûchslim glimkjend, de ferversfeint. Tagelyk freegje de kening en de keninginne: 'Fanke, hoe hast dit sa hân? Wa hat dy klaaid?' 'Hy!' seit de prinses. 'Hoe koe dat?' 'Earst hat er de spegels oarsom hongen, mei de bline kant nei foaren, en doe hat er my tute, fan top ta tean. Ik ha de klean oan krige en no is 't klear'. Stomferbaasd stienen se. De kening frege: 'Hoe liket dy dizze feint ta? Want ik ha fansels tasizzingen dien'. 'Ik bin sljocht op him', wie it antwurd, 'dit is him krekt'.

Sa waard Sibbele fan ferversfeit prins en letter kening: Siboldus de Earste. En neffens it ferhaal die er it better as al syn ferneamde foargongers meiïnoar.


Text viewBook