Folk Tale

De fokse en de roek

AuthorYpe Poortinga
Book TitleDe foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen
Publication Date1979
ATU223
LanguageWestern Frisian
OriginNetherlands

Sa wie der in boer, dy rekke in hiele protte hinnen kwyt, en dat die in fokse. De boer skafte in pear lilke hûnen oan, mar dat joech net folle.

Doe tocht er, ik sil in grutte kûle grave. Hy groef in grutte kûle en dy dekte er ôf.

Yn in beam dêr krekt boppe siet in roekenêst. De fokse gong wer nei it hinnehok en hy krige in dikke hin te pakken. Dêr ferrûn er him, hy trape trock de prikjes hinne en rekke yn 'e kûle.

Dêr siet er. Mar doe seach er de roek op syn nêst fol jongen. Hy sei tsjin 'e roek:

"No moatst my dizze kûle fol prikken bringe, oars fret ik dyn jongen op."

Foksen binne snoader as roeken. De roek hie net yn 'e rekken, dat de fokse yn dy kûle syn jongen doch net benei komme koe. Dat hy tûge him de hiele kûle fol prikken.

En sa rekke de fokse der noch wer út.


Text viewBook