Folk Tale

Klein Duimpje

AuthorGeeske Kobus-Van der Zee
Publication Date1966
ATU327B
LanguageWestern Frisian
OriginNetherlands

Der wienen in pear earme minsken. Dy hienen sawn bern. 't Wienen allegearre jonkjes. De jongste wie och sa lyts. Dy neamden se 'Klein Duimpje'.

Op in joune sei de heit tsjin 'e mem: "Wy sille de bern fordwale litte yn 'e bosk, hwant wy ha gjin iten mear foar har." De mem gûlde, mar it wie sa't de man sei. Der wie alhiel gjin iten mear.

Klein Duimpje siet by de tafelspoat, hy lei net op bêd. Hy hie alles heard. De oare moarns gong er hiel bitiid ta 't hûs út en socht grintstientsjes. Dy died er yn 'e bûsen.

Doe gongen de heit en de mem de oare deis mei de sawn jonges de bosk yn. Klein Duimpje roan achteroan en dy liet nou en dan in stientsje falle.

Doe't se midden yn 'e bosk wienen, sei de heit tsjin 'e bern: "Jimme matte dy kant mar út gean. Jimme mem en ik matte de oare kant even út. Dêr wachtsje wy wol op jimme."

Mar doe't de jonges dêr letter kommen, wienen heit en mem fuort. Sy bigongen to gûlen, hwant sy wisten net hwer't se lâns moesten. Mar Klein Duimpje wist it wol. "Rin my mar achternei", sei er, en hy folge de stientsjes.

Sa kommen se wer thús. De mem wie och sa bliid doe't se har berntsjes wer seach en sy tute se allegear. Mar in skoft letter woarde it wer greate earmoede. De beide âlders hienen neat mear to iten foar de bern, en de heit sei wer op in joun: "Wy matte de bern moarn mar wer fordwale litte." Nou hie Klein Duimpje it ek heard, mar hy woarde de oare deis to let wekker om earst noch stientsjes to sykjen.

Mar hy wist wol ried. Hy biwarre syn brogge. En doe't se op stap gongen, liet hy hyltyd krûmeltsjes brea achter him delfalle.

Mar doe't de heit en de mem de berntsjes yn 'e steek lieten, koe Klein Duimpje it paed net werom fine. Hwant de fûgeltsjes hienen de breakrûmen oppikt. Doe wie der gjin rie ta mei dy jonkjes.

It woarde al letter en letter, en it bigong al tsjuster to wurden.

Doe klom Klein Duimpje boven yn in hiele hege beam.

"Ik sjoch in ljochtsje", sei er.

Doe gongen se dêr op ta. Sy kloppen oan 'e doar.

Der kom in frou foar.

"Heb medelijden met ons, want wij zijn verdwaalde lieden", sei Klein Duimpje.

De frou liet har der yn. "Mar," sei se, "it is hjir gefaerlik, hwant hjir yn dit hûs wennet in reus, in minske iter. En hy hat in pear learzens, dy't dy oan hat is yn in omsjoch in hiel ein de wereld yn."

Doe forstoppe se de bern ûnder it bêd.

Dy nachts kom de reus thús. Hy sei: "Je hebt mensenvlees in huis, ik ruik het." En hy socht troch it hûs en doe foun er de jonges ûnder it bêd.

Ien hied er al to pakken. Dy woed er opite, mar de frou sei: "Doch dat nou fannacht net. Doch it moarnier. Oars droom ik der fan."

De reus liet him biprate en de frou liet de oare moarns hiel bitiid de jonges ta 't hûs út. Sy joech har iten mei.

Mar in skoft letter woarde de reus wekker.

Hy soe gau de jonges opite, mar dy wienen fuort. Doe wied er tige lulk en hy die syn learzens oan. Hy sette de jonges achternei.

De jonges hearden him oankommen en sy kroepen gau fanside yn in spelonk.

Doe koe de reus har net fine. Hy woarde warch fan 't sykjen en joech him del. Oan it lûde snoarkjen fornommen de jonges wol dat er slepte.

Doe luts Klein Duimpje him hiel forsichtich de learzens út, en die se sels oan. It wienen polderlearzens, se wienen him wol hwat great, mar dat lette neat.

Hy krige de seis bruorren by de hân beet en dêr gong it hinne oer rivieren en bosken en huzen. Sa kommen se wer thús.

De koaning hearde fan dy learzens fan Klein Duimpje en doe moest er by him komme.

Doe krige Klein Duimpje allerhande opdrachten fan 'e koaning. En dêr fortsjinne er sa'n knoarre jild mei, dat doe ha se by him thús noait wer earmoed hawn.


Text view