Folk Tale

Lytse Jan yn 't papieren húske

AuthorA.A. Jaarsma
ATU327C
LanguageWestern Frisian
OriginNetherlands

Lytse Jan wie in hiel lyts mantsje. Hy wenne allinnich yn in lyts papieren húske.

Der kaem faek in grientekoopman by Jan oan 'e doar. Mar Jan kocht hast noait hwat fan him hwant hy wie mar allinne, sei er, en safolle iet er net.

Op in kear kaem dy grientekoopman wer by him.

"Mast ek apels ha, Jan?" frege er. "It binne sokke moaije."

"Ik wyt net, ik wyt net, ik wyt net," sei Jan, "it mat leau 'k mar oergean."

Doe krige dy grientekoopman in sek fan 'e hounekarre ôf en dêr treau er lytse Jan yn. Hy boun der in tou omhinne, dat dy sek goed ticht wie en doe lei er him op 'e hounekarre. Doe ried er in hiel ein fuort mei lytse Jan.

Op it lêst bleau er stean. De grientekoopman moest even nei in boereplaets ta, dy stie in eintsje achterút. Dêr hied er in boadskipke.

Dêr wienen twa sleatslatters oan 't wurk. De grientekoopman sei tsjin dy beide mannen: "Wolle jim wol even op 'e sek passe wylst ik even nei dy boereplaets ta gean?"

Dat woenen se wol dwaen.

Mar doe't de grientekoopman fuort wie, bigoun Jan ta roppen: "Lit my der út! Lit my der út!"

Doe krigen de sleatslatters de sek beet en makken him iepen en se lieten lytse Jan der út. Doe dienen se de sek fol slyk en Jan sette gau nei 't papieren húske ta.

Op 't lêst kaem de grientekoopman werom. Hy sei tsjin 'e sleatslatters: "Ha jim goed op 'e sek past?"

Hja krigen elk in kwartsje fan him.

Doe naem de grientekoopman de sek op 'e rêch. Mar doe waerd it him wiet op 'e rêch.

"Hâld mar op fan skiten en migen," sei de grientekoopman, "ik meitsje dy aenst doch dea."

Mar doe't er thús kaem en de sek iepenmakke, siet der allinne mar modder yn. Lytse Jan wie geblazen.

Doe wie dy grientekoopman lulk op 'e sleatslatters, net sa'n bytsje. Mar hy sei: "Ik krij Jan wol wer."

Der forrounen in pear wiken. Doe gong er wer mei de hounekarre nei 't papieren húske fan Jan ta.

Nou hied er parren to keap. Mar lytse Jan woe gjin ha. Doe pakte dy grientekoopman Jan wer. En ek diz kear treau er him yn 'e bael. Hy laedde de bael mei Jan der yn op 'e hounekarre en sette ôf.

Underweis trof er in pear hageknippers. Doe moest er ek krekt nei in boereplaets ta dy't in eintsje achterút stie. Dêr moest er woartels hinne bringe.

De grientekoopman sei tsjin 'e beide hageknippers: "Wolle jim sa lang op 'e sek passe wylst ik nei de boereplaets ta gean?"

Ja, dat woenen dy hageknippers wol.

Mar doe't de grientekoopman fuort wie, rôp lytse Jan:

"Lit my der út! Lit my der út! Hwant it is slim dizze kear."

Doe makken dy beide hageknippers de sek los en dêr kaem lytse Jan to foarskyn. Jan makke gau dat er yn 't papieren húske kaem en de hageknippers dienen skerpe hagetokken yn 'e sek en bounen him doe goed ticht.

De grientekoopman joech de beide mannen elk in kwartsje omdat se sa goed op 'e sek past hienen.

Hy naem de sek op 'e rêch, mar de hagetoarnen stutsen him.

Doe sei er: "Hoechst my net mei messen to stekken, dû giest der aenst dochs oan."

Doe't er thús kaem en de sek iepen makke om Jan dea to meitsjen foun er oars neat as hagetoarnetokken en lytse Jan wie wer geblazen.

Mar hy sei: "Ik krij dy wol, jonkje."

Doe kom dy grientekoopman foar de trêdde kear by Jan.

Jan siet forside yn 't papieren húske mar de grienteman foun him en die him ek dizze kear wer yn in bael, dy't er goed ticht boun.

Doe brocht er dy sek by in boer yn 't lân, flak by in sleat. Dêr woed er Jan yn forsûpe. Hy makke de sek los, mar dêr wie krekt in koe en doe't Jan út 'e sek kaem, iet dy koe him op.

It bikaem dy koe net goed. Hy woardde siik en de boer gong nei de fédokter. Dy ûndersocht de koe en doe sei er: "Dy koe mat ôfmakke wurde."

Doe brochten se de koe by de slachter en dy slachte him. De pânse smiet er op 'e skerne.

Doe kaem der in âld wyfke oan en dat wyfke frege of se de pânse wol ha mochte.

Doe sei de slachter: "Mei plesier. Yt him mar lekker op."

Dat âld wyfke sutele mei negoasje. Hja hie twa kuorren by har, in legen en in follen-ien. Yn dy folle sieten allegearre snypsnaren. De pânse die se yn 'e lege koer.

Mar lytse Jan siet yn dy pânse. En dy bigoun to sjongen:

"Ik zit in een bedelskorfke."

Doe waerd it wyfke sa kjel, dat hja smiet de koer mei pânse en al fuort en doe kaem der in greate hazze oan en dy pakte de pânse yn 'e bek.

En doe kaem lytse Jan út 'e pânse wei en gong boppe op 'e hazze syn rêch sitten.

En doe sei Jan: Ha-ra-ra-ra-ra en hy sloech mei de hannen op 'e rêch fan 'e hazze om.

Doe koe de hazze net mear stean bliuwe.

Hy fleach yn 'e feart en dêr binne se allebeide forsûpt.

Sa hienen lytse Jan syn aventûren noch in raer ein.


Text view