Folk Tale

Drink no mar

AuthorYpe Poortinga
Book TitleDe foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen
Publication Date1979
LanguageWestern Frisian
OriginNetherlands

Lang, lang ferlyn wenne der earne in jongkeardel, dy waard fertocht fan moard, mar de rjochters koenen it him noait bewize, en hy koe net bewize, dat er it net dien hie. Yndied wie er ûnskuldich, mar dat leaude nimmen. De minsken hienen him leafst ophinge, want se woenen him minlike graach slite. It wie in eigensinnige, eigenwize fint. Altyd wie er dwers en ferkeard en hy wist it allinnich. Doe 't se him net ta de dea feroardielje koenen, besleaten se om him út 'e mienskip te bannen. Neaken en bleat moast er de frjemdte yn. Dêr swalke er hinne, iten noch drinken krige er mei.

Bûten syn eigen gea kaam er al gau foar in rivier, dêr't er net oer koe. Hy moast syn paad dêr by lâns nimme. It wie in woest, leech lân. Hy seach moer noch minske, en doch hie er in gefoel oer him, as wie er net allinnich.

Hy rûn al mar fierder, al mar fierder. Mei de tiid krige er toarst en doe soe er ût de rivier drinke, der wie oars ek gjin wetter. Hy bûgde him foaroer om mei de hân op te skeppen, mar doe hearde er in stim: 'Ho! Net drinke, ear't ik it dy sis!' Wêr't de stim wei kaam, wist er net, mar al hoe'n toarst as er hie, hy doarst net drinke en hy rûn mar wer fierder. Hoe moat dit no, hoe moat dit no? frege er him ôf. Op 't lêst pleagen de honger en de toarst him beide allike bot. Hy besocht noch om himsels fierder te slepen, maar hy wie te slop.

Doe hearde er dy stim wer. Of eigentlik wie it mar in stimke - it lûd kaam tichte by de grûn wei, him tocht, it moast fan in lyts mantsje wêze, mar dat mantsje seach er net. Dy stim sei: 'Drink no mar fan dat wetter - dan sjochst mear!' Hij gong nei de rivier en dronk der wat út. Doe seach er dêr op 'e kant fan it wetter brea lizzen. As wie er dêr krekt dellein, ommers, tefoaren hie er neat sjoen. Doe't er iten hie, rûn er wer fierder by de rivier lâns, want hy koe der noch net oer.

Hy rûn en hy rûn en njonkenlytsen waard it jûnich. Noch altyd wie der gjin hûs te sjen, sels gjin boskje of wat oars dat ek mar in bytsje lijte joech. Hy koe net altyd troch rinne. Net allinnich dat er wurch wie, tige wurch, mar hy waard ek slûch, tige slûch. Hy soe sa wol op 'e grûn delfalle wolle, en sliepe, sliepe. Mar de grûn wie dridzich en de wyn striek kâld oer de keale flakte. Hysels wie beswit fan it rinnen, hoe koe er him hjir deljaan? Hy besocht om fierder te rinnen, mar hy koe net mear. En hy wie sá slûch.

Doe hearde er itselde mantsje, teminsten deselde stim, en dy sei wer: 'Drink no mar - dan sjochst mear!' Dat die er, en doe seach er op in droech stee, dat er tefoaren net opmurken hie, in bêd mei alle tabehearren, dat er ek net sjoen hie. Hy joech him del en slepte waarm en skoan.

Urtêst waard er de oare moarns wekker en hy joech him wer op in paad. Foardat er ôfstiek, iet er op wat er de foarige deis oerhâlden hie fan dat brea. Hea, wie der doe wat oerbleaun? It heugde him net iens. Hy rûn wer fierder, gâns in ein. Hyltyd mar by dy rivier lâns, want hy koe der net oer, en it lân bleau woest en leech. It waard wiet waar, mar wat moast er? Hy rûn al mar troch en it reinde de gânske dei.

De jûnes koe er net fierder. Mei smert wachte er op de stim fan it mantsje. Hy tochte, as dy my no mar hyt om te drinken, faaks sjoch ik dan in ûnderkommen foar de nacht - ik bin trochplakt en ik kin sa net ûnder de bleate loft sliepe. Mar de stim kaam net en de nacht begûn te fallen. Op 't lêst ornearre er, twa kear is it goed kommen, sadree't ik út 'e rivier dronk, licht sil it no ek wol goed komme. Hy skepte wer wetter op mei de hân en hy dronk. Mar doe begûn it sa ferskriklik te tongerjen en it waard sok needwaar, der wie gjin rie ta. Safier as er foarútkomme koe yn it ierdetsjuster fan 'e nacht, strompele er fierder, en diskear wie it krekt oft er fan alles ferlitten op 'e wrâld stie. It sil wol net mocht hawwe, dat drinken ût 'e rivier, tocht er - no haw ik troch eigen skuld myn lêste helper ferlern.

Sân dagen lang doarme er sa fierder, yn waar en syn, yn kjeld en wiette, en hoe't er hope en wachte - syn helper bleau wei. Oan 'e ein fan 'e wike koe er net mear, hy wie totaal ynein. Hy koe de eine foet net mear foar de oare krije. Syn mismoed wie noch folle grutter as de foarige kearen. Doe woe er mar yn 'e rivier springe, himsels ferdrinke, alles wie better as dit. Mar hy hie gjin krêft mear om te springen. Dan mar rôlje, tocht er. Hy liet him falle en hy rôle nei de kant, mar net yn it wetter. Doe kaam lang om let de stim en dy sei: 'No - drink der mar út!'

Mei de hân skepte er wetter en hy dronk. Doe seach er in slot stean, net fier ôf, in prachtich grut slot. Hy woe oerein en rin dêrhinne, mar hy hie gjin krêften mear om him oerein te jaan. De help wie te let kommen.

Hy bleau dêr lizzen, mar der kamen guon fan it slot en dy fûnen him dêr yn ûnmacht. Se droegen him nei it slot en dêr krige er de help en de fersoarging dy't er nedich wie. Stadichoan kaam hy der boppe-op. Op dat slot wie wol wurk foar him. Hy hie leard om net mear dwers en eigensinnich te wêzen en om nei in oar te harkjen. Sa fûn er dêr it lok en hy is der al syn libbensdagen bleaun, yn frede mei himsels en mei in oar. Mar de stim fan it mantsje hat er noait wer heard.


Text viewBook