Folk Tale

De maten dy't mear koenen as sljocht hinne en wer

AuthorYpe Poortinga
Book TitleDe foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen
Publication Date1979
ATU513A
LanguageWestern Frisian
OriginNetherlands

Dêr wie ris in soldaat, dy hienen se ôftanke yn 't leger. Se joegen him sân stoeren mei, dêr moast er de wrâld mar mei yn om aventoer. Hy op stap en hy wie noch mar in eintsje fuort, doe kaam er in postboade, wêrom't er dy skonk net oan hie. Doe sei dy, dan rûn er fierstente hurd. 'Donder!' sei de soldaat, 'dan moasten jo mei my de wrâld yn om aventoer'. 'Dat kin wol', sei de postboade, 'mar dan moatte jo in amerij geduld ha, want ik moat earst de brieven noch even ombringe'. Dat hy de skonk oan en dêr fleach er hinne, ik wit der neat fan wêre. Dus doe wienen se tegearre.

Sy reizgje wat en sy reizgje wat en doe stie dêr in jager te kueren mei it gewear yn 'e oanslach. Sy fregen him, wêr't er nei seach. No, sei er, der siet in mich, in pear kilometer dêrfandinne, op in elzenbledsje, en dy woe er de lofterpoat ôf sjitte. Doe tocht de soldaat, duvel, dy man moat ek mei! Hy sei: 'Sa en sa, wolle jo ek mei ús de wrâld yn om aventoer?' 'Jonge ja', sei de jager, 'dat is krekt wat'. Doe wienen se mei har trijen.

En sy reizgje wer wat fierder fuort en wer wat fierder fuort en doe seagen se dêr in mantsje stean, in hiel eigenaardich mantsje. Dy stie dêr mei de finger in it iene noastergat, en it oare noastergat blaasde er út. De soldaat frege: 'Wat dogge jo dêr?' 'O', sei er, 'sjogge jim dêr yn 'e fierte dy mûnen wol stean?' No, dêr hienen se suver wol oan. Ja, se koenen al sjen, dat it mûnen wienen. Hy sei: 'It is wynstil en no bring ik dy mûnen oan 't draaien, want oars ferdroeget dêr alles'. Doe sei de soldaat: 'Dan moatte jo ek mei ús de wrâld yn om aventoer'. Doe wienen se mei har fjouweren.

En sy mar reizgje en mar reizgje, en doe komme se by in bosk. En dêr treffe se in man, dy is bot geboud. Hy wien oan 't houtsprokkeljen. Doe frege de soldaat him: 'Wat dogge jo dêr?' Hy sei: 'No, ik soe ûs mem even wat brânhout sykje'. Hy wie sa ôfgryslike sterk, dat hy loek der samar in beam út. Doe sei de soldaat: 'Wolle jo mei ús de wrâld yn om aventoer?' 'Jonge ja! Mar dan moat ik ús mem earst in bytsje foarrie bringe'. Dat hy loek der seis beammen út en de sânde wuolle er om dy seis hinne. Hy lei se op 't skouder en brocht se nei 't âld mins ta. No, doe wienen se dan mei har fiven.

Sy reizgje noch in eintsje en noch in eintsje, doe komme se in mantsje tsjin, dy hie in hiel eigenaardich huodsje op. Doe sei de soldaat: 'Man, wat ha jo dêr in moai huodsje op!' Hy sei: 'Ja, as ik it sa op ha, dan is it sierlik moai waar, en ha 'k it efteroer op, dan friest it balstiennen'. 'No ju!' sei de soldaat, 'jo moasten ek mar mei ús de wrâld yn om aventoer'. 'Dat kin wol', sei er. Doe wienen se mei har seizen.

En dan reizgje se en reizgje se fierder, en dan komme se op in plak, dêr hearre se, dat der in kening is dy't syn dochter úttrouwe wol. En dy't it hurdste rinne kin dy kin har as frou krijge. Doe sei de soldaat: 'Dêr jouwe sy ús foar oan'. No, sy der hinne. De soldaat nei de kening ta en hy sei tsjin 'e kening: 'Ik ha fiif feinten. Mei ien fan myn feinten foar my yn 't plak rinne?' Jonge ja, dat mocht wol. En dat wie fansels de postboade mei de houten skonk.

Doe wie 't dan safier. Sy moasten in hiel ein rinne en op 'e ein dêr lei in dobbe. Sy krigen in krûk mei, dy moasten se folje mei wetter út 'e dobbe en wa't dan earst werom wie, dy hie 't wûn.

De postboade die syn houten skonk oan en rûn de hiele brot der ôf. Op 't lêst moast er noch tsjin ien, dat wie al sa'n baas hurdrinder. Mar de postboade wie him ek samar in hiel ein foar. Hy seach yn 'e fierte de dobbe al, doe tocht er, ik gean hjir mar even sitten. Mar hy joech him del mei de holle op in hynstekop en doe foel er yn 'e sliep. En syn tsjinpartij rûn him foarby. Mar dat sjocht de jager en dy giet hinne en sjit him de hynstekop ûnder 'e holle wei. Hy waard wekker en doe donderse gau de krûk folje. De oare man wie omtrint al op 'e ein, mar de postboade kaam him doch noch wer foar.

No, dêr hienen se it wûn! Mar dat fanke woe dy soldaat net ha, dat doe hâlde de kening ried. Se beaën de seis mannen in miel iten oan - in diner! Mar de keamer dêr't se ite soenen, dat wie in oven. Dy oven stookten se op en sa soenen se dan bret wurde. En alle spizen wienen dêr, alles wat mar lekker wie en fan alles genôch. Se hienen dêr in skoftsje sitten, doe sei de iene tsjin 'e oare: 'Wat wurdt it hjir waarm, it is hast net mear út te hâlden!' Op 't lêst krigen se yn 'e rekken fansels, dat se opstookt wurde soenen. Doe gong dy keardel hinne mei syn huodsje, dy die it huodsje efteroer en dêr frear it bakstiennen. Doe sei de kok dy't dy oven opstookte: 'No binne se wol brún'. De kening der hinne, de doar fan 't slot, en dêr sieten se gewoan te bibberjen fan 'e kjeld.

Dat sa rekken se der wer út. Dêr koe de kening net by, mar hawar, hy moast der oars wat op útfine. Hy sei: 'Myn dochter wol net mei jo trouwe, no meie jo in winsk dwaan'. Doe sei de soldaat: 'Dat kin al. Dan wol ik safolle goud fan jo ha, as ien fan myn feinten drage kin'. No, dat moast dan mar oangean. In grut lekken waard der helle en it goud waard byinoar skarrele, se hienen in lekken fol. Doe krige de man dy't dat hout nei hûs brocht hie it lekken tusken tomme en finger beet en sei: 'Dit is de muoite net wurdich!' Dat op 't lêst hie er trije lekkens mei goud. Mear hie de kening ek net, de hiele skatkiste wie leech. Dat dêr sjouden de hearen mei ôf. Mar de kening belei in gearkomste mei al syn riedshearen en dêr besleaten se, se soenen it hynstefolk mar oproppe en nim dy keardels gefangen.

Dy seis mannen wienen al in moai eintsje fuort, doe seach de jager dy't sa fier sjen koe ris om. 'Ho ris even', sei er, 'wat dêr oan komt, dat wit ik net. It koe wol oarloch wêze, it is allegear hynstefolk!' doe sei de soldaat: 'Sil ik jim ris wat sizze! Dat is om ús te rêden!' 'O', sei it mantsje dat sa duvels blaze koe, 'dêr sil 'k even mei ôfweve!' Hy stiek de finger yn it iene noastergat en hy pûste en hy pûste. Hy pûste se allegear fan 't hynder ôf de see yn.

Doe binne se dan fierder tein. Se wenje noch meiïnoar yn in prachtich grut hûs op in eilân en se ha in libbentsje as in lûs op in seare holle.


Text viewBook