Folk Tale

It mantsje en de reus

AuthorYpe Poortinga
Book TitleDe foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen
Publication Date1979
ATU1060
LanguageWestern Frisian
OriginNetherlands

Der wie ris in mantsje, dy gong op in moarn de bosk yn te kuierjen. It wie sierlik moai waar. Hy wiene in lyts eintsje fuort, doe fûn er in dea fûgeltsje op it paad. It hie sokke moaie fearkes, dat hy tochte, ik triuw it yn 'e bûs. Hy kuiere noch in eintsje fierder en dêr siet in fûgeltsje yn 'e toarnen fertiesd. Mar dat libbe noch goed. It wie in prachtich fûgeltsje en dat treau er ek yn 'e bûs.

Hy rûn noch in ein fierder en doe soe er dan mar werom, mar o blinder, hy wie ferdwaald. Hy socht en die in hiel skoft, sûnder dat er it paad werom fûn. Sa stadichoan waard it tsjuster en doe seach er yn 'e fierte in ljochtsje brânen. Hy der op ôf. It die bliken, der stie in hûs. Hy kloppe oan en dêr wenne in reus. Ja, dêr stie it mantsje. 'Kin ik hjir fannacht ek sliepe?' frege er - wat moast er oars? 'Jawol', sei de reus, want dy tochte, hjir ha 'k moarnier in lekker boutsje oan. 'Kom mar yn', sei de reus, 'en dan moatst mar yn myn bêd sliepe'.

It mantsje krige earst noch iten en doe gong er op bêd. It wie sa'n ûnbidich grut bêd, dat hy gong mar skean-oer yn in hoekje lizzen. Mar midden yn 'e nacht tocht de reus, kom, ik meitsje him dea - wacht, ik seagje it bêd dwarstroch. Mar mei't it mantsje skean yn in hoekje lei, kaam him dêr neat fan oer.

De oare moarnes waarden se beide wekker en doe seach de reus, dat er it mantsje net deaseage hie. It mantsje sei: 'No moat ik mar fuort'. 'Nee', antwurde de reus, 'ik lit dy samar net gean. Do moatst dwaan kinne wat ik ek kin. Ast dat net kinste, dan fret ik dy op!'

De reus krige in stien en kniep him sa bot, dat it wetter rûn der út. 'Krij do no ek in stien', sei er, 'en doch itselde'. It mantsje bearde, dat er ek in stien krige, mar hy raamde yntiid gau it deade fûgeltsje út 'e bûs en dat hâlde er sa yn 'e hân dat der neat fan te sjen wie. Doe kniep er efkes goe ta en der rûn bluodrich wetter út.

De reus seach op 'e noas, mar hy sei: 'Do bist noch net fan my ôf. Ik sil noch in stien krije en dy sil ik sa fier yn 'e hichte smite, dat er seis oeren wurk hat om wer del te kommen'. De reus smiet in stien sa heech, dat it wie net te sjen, wêr't er kearde. 'No do', sei er. Mar doe krige it mantsje dat libbene fûgeltsje út 'e bûs en saaide it de loft yn. It kaam noait iens wer del, want it fleach fuort. Dat it mantsje koe it fan de reus hâlde en dy liet him gean.


Text viewBook