Folk Tale

De jongfaam dy't mei achttjin jier stjerre moast

AuthorYpe Poortinga
Book TitleDe foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen
Publication Date1979
ATU307
LanguageWestern Frisian
OriginNetherlands

Sa wie der in mynhear, dy krige gjin bern by de frou. En op in moarn ried er troch de bosk yn syn rydtúch en dêr kaam sa 'n âlde hekse oan.

Doe sei de âlde hekse: 'Och mynhear, wêrom is mynhear sa treurich?'

'Och mefrou, wy krije gjin bern en dêr bin ik wat mismoedich om'.

'No', sei hja, 'gean mar nei hûs ta. Jo krije in dochter. Mar mei achttjin jier dan moatte jo har wer ferlieze'.

Dat sy krigen ek in dochter en dat stie der wakker by. Mar dy dochter kaam yn har achttjinde jier en dêr begûnen se wer te treuren. Dat seach de dochter en sy giet nei stêd ta en dêr kocht se twa revolvers. Doe sei se tsjin har heit: 'Sille ik en pa hjoed út te riden?' 'Ja'. Sy út te riden. Sy kamen wer yn 'e selde bosk.

'Ho!' sei se. Dêr joech se pa in revolver en sy hie sels ek ien. Doe sei se: 'No moat pa my fertelle, wêrom't pa treurt en oars sjit ik pa dea of oars pa my'.

Doe moast it hege wurd der wol út: 'Sa en sa'n gefal ha 'k hjir hân mei in âlde hekse yn 'e bosk'.

'Och pa - treur mar net!'

En dêr kaam se op har stjerbêd. Doe sei har heit: 'Hast ek noch winsken?'

'Ja, der moat trije nachten by my yn 'e tsjerke wekke wurde'.

It fanke stjert, en mei komt dêr in âlde bidler by de doar. Doe sei mynhear: 'Wat wolst fertsjinje, dan moatst yn 'e tsjerke wekje by myn dochter?'

Doe sei er: 'Fiifhûndert gûne'. No, it moast mar oangean.

En de nachts dêr komt dy âlde bidler troch de bosk. 'Oh!' seit de âlde hekse tsjin 'e bidler, 'wat hastû in rare taak op dy nommen - ast dit der mar goed ôf bringste! Mar ik wit, watst dwaan moatst! Dû giest ûnder 'e banken lizzen en dan kin it wêze, datst it der goed ôf bringste'.

En de nachts tusken tolven en ienen dêr waarde alles trochinoar rommele yn 'e tsjerke. Mar hy brocht it der goed ôf.

Dêr sei de hear - de bidler wie om syn sinten hinne: 'Wat hast no in rare nacht hân. Der moat noch mar in nacht by myn dochter wekke wurde. Wat moatst ha?'

'Dan wol 'k no tûzen ha'.

'Goed'.

Hy soe wer wekje en hy kaam wer troch de bosk hinne. Dy âlde hekse kaam der wer oan: 'Ast it der no mar goed ôf bringste, jonge! Mar, dû moatst fannach ûnder 'e preekstoel lizzen gean, dan kin 't wêze, datst it der goed ôf bringst'.

Dyselde nachts waard wer alles trochinoar rommele yn 'e tsjerke, mar hy brocht it der goed ôf.

De oare moarnes hy om syn tûzen gûne hinne. Doe sei de mynhear: 'No moat der noch ien nacht by myn dochter wekke wurde, en wat wolst ha?'

Hy sei: 'No ha 'k sa'n rare nacht hân - dan wol 'k twatûzen ha'.

'Goed'.

Hy soe wer wekje en hy kaam troch de bosk hinne. En dy âlde hekse kaam der wer oan. Doe sei se: 'No wit ik it net, jonge, ast it der no mar goed ôf bringste! Mar witst, watst dochste - dû giest nei de stêd, dû keapest in revolver en dan giest efter de serkstien sitten. En tusken tolven en ienen giet sy út it grêf en dan springstû dêryn. en as sy der dan wer yn sil, dan sjitst har mei de revolver flak foar de kop'.

'Goed'.

En de nachts tusken tolven en ienen dêr siet hy efter de serkstien en dêr gong sy der út en hy sprong der yn. En hy sjit har mei de revolver foar de kop en doe sei se: 'Sisoa, dû myn ferlosser. Dû der yn en ik der ût'.

En dêr krige mynhear de dochter wer.


Text viewBook