Folk Tale

It gouden aai

Translations / Adaptations

Text titleLanguageAuthorPublication Date
Het Gouden EiDutchMaarten Janssen_
AuthorYpe Poortinga
Book TitleDe foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen
Publication Date1979
LanguageWestern Frisian
OriginNetherlands

Der wienen ris in boer en boerinne, en it rûn om 'e krystdagen, doe sei dy frou tsjin har man: 'Wy moatte mei de hjeldagen al wat ekstra yn 't fleispantsje ha. Wat sille wy bestelle?' De boer sei: 'Wy ha hjir noch in hin omrinnen, witst wol? Dy leit noait mear, en och, ien hin is ek neat. As ik dy no ris pak en slachtsje him?' 'Goed', sei de frou, 'doch dat, dan bestel ik neat ekstra by de slachter'.

En doe de neimiddeis foar de earste krystdei, krekt foar fuorrerstiid, it wie al skimerich, doe tocht de boer, ferdikke noch ta, ik moat dy hin noch deameitsje. Dat moat foar 't fuorjen noch mar efkes wêze, oars is 't tsjuster.

Hy efter de hin oan en doe seach er dy efter de takkebult glûpen, dy't tsjin 't hok oan siet. Hy mei de earm efter dy takkebosken en doe koe er him net earlik rikke. Hy makke noch wat rûmte en doe soe it wol slagje. Mar doe hearde er in stim: 'Krij my net, want ast my gewurde litste, dêr silst gjin spyt fan ha'. De boer waard kjel en skuorde de hân werom. Wat stim wie dat? Hy sinde der net iens op, dat dy hin prate koe, dat y tocht oan syn wiif. 'Bistû hjirre?' frege er. Mar hy krige gjin antwurd. en doe hy nei de foarein en dêr seach er, dat de frou yn 'e keamer siet te breidzjen.

Jonge, hat it ek ferbylding west? frege er himsels ôf. Dat doe stapte er wer nei it plak ta dêr't de hin siet. Hy op 'e nij mei de earm efter de takkebosken en doe hearde er datselde lûd: 'Ast my pakste, dêr silst spyt fan ha - en ast my gewurde litste, dêr silst foardiel by treffe'. Mar myn wiif sit doch yn 'e hûs, sei er by himsels - kin it buorman ek wêze? Hy rûn om it hok hinne: 'Is hjir ien?' Hy krige gjin lûd. Hoe koe dat no?

Foar de tredde kear stiek er de hân efter de takkenbosken. En dêr hearde er de stim op 'e nij: 'Ast my rinne litste, dêr silst gjin spyt fan ha'. Hy loek de hân werom; hy tocht, watfoar spul as dit is, ik wit net. Hawar, ik moat ek oan 't fuorjen, ik lit dy hin sitte.

De jûnes frege it wiif al: 'Ik ha 't wetter oan 'e soad, wannear wolst dy hin slachtsje?' Hy prate net oer wat er belibbe hie; hy sei: 'Ik wol sjen, oft ik him krije kin, dan slachtsje ik him dalik'. Hy gong efterút, mar it wie al neare nacht. Wer frege er him ôf, wat kin dat niis west ha? Hy socht ek net om dy hin, want it lei him neat net noflik. Dat hy komt yn 'e hûs en hy seit: 'No, ik kin der neat oan dwaan, mar dy hin kin ik nearne fine, nearne'. 'Dan moatst him moarnier mar slachtsje', seit se, 'sadree 't it ljocht wurdt'.

De oare moarnes trunet se him oan: 'Dû moatst dy hin noch slachtsje'. 'Ja, ja, ik sil der daalk om út'. Hy komt bûtendoar. Soe dy hin him dêr faaks ophinge ha yn 'e takken? freget er himsels ôf. Dat hy giet nei itselde plak. Mar der is gjin hin te finen. It is al krekt, as sjocht er dêr wat lizzen, mar dat slacht er earst gjin acht. Op it hiele hiem is dy hin net te finen. Dan giet er werom nei itselde plak. Hy sjocht en hy sjocht - it koe wol in aai wêze. Hy kriget it der wei en dan is dat in gouden aai.

Tsjin syn wiif doar hy der net oer prate en hy set it aai oan 'e kant. 'Ik wit net, wêr't dy hin is', seit er, 'ik kin him nearne fine'. 'Dat is my ek in moaie beweging'. Fan need geane se dy deis earne hinne te iten.

Der ferrinne tiden oer en dan komt der in ferskrikkelike droege simmer. alle fee moat fuort, want der is gjin fretten mear. Party boeren geane om 'e klink. De boer dy't it gouden aai fûn hat sit der ek raar ta. Op in kear seit er tsjin 'e frou: 'Ik moat sjen, dat ik sinten krij, oars kinne wy it net foarinoar hâlde'. It gouden aai hat er noait oer praat. It is frjemd, dy hin hat er ek noait wersjoen, mar no yn 'e need giet er mei it aai yn 'e bûse nei de stêd en dêr bart hy der safolle foar, dat hy kin de skulden betelje. 'Hast sinten loskrige?' frege it wiif, doe't er thúskaam. 'Ja, ik ha sinten loskrige'. It aai prate er net oer. Mar wylst de grutste boeren it oerjoegen, koe hy trochbuorkje.


Text viewBook