Folk Tale

De bakkerssoan en de swarte kat

AuthorYpe Poortinga
Book TitleDe foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen
Publication Date1979
ATU402
LanguageWestern Frisian
OriginNetherlands

Sa wie der in bakker, dy hie trije soannen. Hy waard âlder en doe wie hy der mei oan, hoe't it no moast mei de jonges. As de âldste de bakkerije krige, dan koe de twadde om in hinnekommen sjen en de jongste moast ek plak ha. Wie dat wol neffens rjocht? De bakker sei: 'Jim moatte alle trije de wrâld mar yn en sykje in tsjinst. As der in jier om is, komme jim hjir alle trije wer en wa fan jimme mei it measte jild thúskomt, dy kriget de bakkerije'. Dat wie goed.

De trije bakkerssoannen joegen har fan hûs en doe't se op in fjouwersprong kamen, gongen se elk in kant út. De âldste bestelde him hjir of dêr foar hûndert daalders yn 't jier. Dat wie in knap lean. It gong de twadde dan ek net earlik sa goed ôf. Hy fûn al in plak, mar soe wat minder fertsjinje.

En dêr reizge de jongste hinne. Hy reizge mar, lykwols sûnder dat er wurk fûn. Hy reizge mar en hy reizge mar en dêr stie in âld hûske. In swarte kat siet foar de doar. 'Sikest noch om in gaadlik plak?' frege dy swarte kat. 'Ja', sei de jonge, en hy lei de saak út. 'No, do kinst by my komme', sei de kat, 'do hoechst oars neat te dwaan as skûdelwaskje en pankoekbakke'. 'En it lean?' woe de jonge witte. 'Ik sil it goed mei dy meitsje', antwurde de kat en mear net. 'Goed', sei de jonge.

Hy die syn dingen, der wie neat te rêden, en ear't hy der erch yn hie, wie it jier om. Hy krige twahûndert daalders fan 'e kat. Men kin fan tinken wol ha, dat hy mei it measte jild thúskaam. Feitlik hie er doe de bakkerije ha moatten, mar dat like syn bruorren wol fleanen. Doe ornearre de heit, se moasten noch mar ris in jier tsjinje.

Op 'e fjouwersprong sei de âldste: 'Ik gean dizze wei mar wer yn'. De twadde gong ek deselde kant út as de oare kear en doe siet der foar de jongste neat oars op as dat er itselde paad naam as it foarich jier.

By it lytse hûske siet de kat wer en frege: 'Sikest om plak?' 'Ja'. 'No, kom by my, do witst watst by my te dwaan hast en by in oar moatst it mar wer ôfwachtsje. As it jier om is, meitsje ik it wol goed mei dy'. Dat sei bêst en de jonge tsjinne der wer in hiel jier lang.

Dêr wie it jier wer om en foar de twadde kear kaam er mei it measte jild thús. Dat stie de oare jonges min oan en de bakker siet wer mei de hannen yn 't hier. Hy sei: 'No moatte jim noch in jier, en wa't diskear mei it measte jild en it kreaste frommis thúskomt dy kriget sikerwier de bakkerije'.

Se kamen wer by de fjouwersprong en dêr gongen se har wegen, elk in kant út. Sa kaam de jongste foar de tredde reis by de swarte kat. 'No, wolst noch in kear by my tsjinje?' 'Ja'. De swarte kat wiste, wêr't om gong. 'En', sei er, 'ik sil it wol goed mei dy meitsje'.

En dêr wie it jier om. Doe sei de swarte kat: 'No sil 't wêze. Fannacht om tolve oere leist dêr in hiel grut fjoer oan. Dan pakst my, giest mei de rêch nei it fjoer stean en do goaist my der yn. Mar tink der om - do meist net efterom sjen'. No, doe ferbrânde er dy swarte kat. En mei komt him in prinses temjitte en falt him yn 'e earms. En in berch jild hie er ek.

Sa kaam er thús. It moaiste frommis en it measte jild hie er. 'No heit', sei er, 'jou dy jonges de bakkerije mar. Ik ha jild by de bult. Hy reizge mei de prinses fuort - dy hie betsjoend west en koe ferlost wurde troch ien dy't har trije jier tsjinne en har dan ferbrânde. Doe't se yn har lân kamen, binne se dêr troud.


Text viewBook