Folk Tale

Trije prinsen en in draak

AuthorYpe Poortinga
Book TitleDe foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen
Publication Date1979
LanguageWestern Frisian
OriginNetherlands

Der wienen al ris trije prinsen, dy ferlearen har heit, de kening. Doe moast winliken ien fan dy mannen him opfolgje, mar dan wie it winsklik, dat dy mei in prinses troude. Se wienen alle trije noch frijfeint.

Doe hearden se, dat in buorlân omtrint te grûne gong troch in fjoerige draak dy't dêr húsmanne. Dy draak snoeide alles ôf en oeral wêrt't er lâns kaam, dêr waard it toar en droch, sa'n azem hie dy draak oer him. Der woeks neat mear, en de minsken koenen it libben net hâlde, sa'n honger hienen se. De kening fan dat lân wie syn rie te'n ein. Hy woe syn dochter opofferje foar syn lân. Hy sei: 'Ik jou myn dochter oan wa't de draak deastekt. Dy sil mei har trouwe kinne'. De prinsen hienen alle trije wol smucht op dy prinses. Se koenen har wol, it wie in hiel kreas fanke.

Doe soe de âldste dan earst mar op 'e draak los. It folk freesde al, dat hy kening wurde soe, want it wie ien dy wie ôfgryslik op 'e macht. Hy joech om gjin skepsel, om minsken noch om fee. Alle lijen koe er wol oansjen, it koe him totaal neat skille, hy steurde him nearne oan.

Dy âldste tochte, lit my besykje om de draak dea te stekken, dan krij ik de prinses en ik wurd kening. Doe socht er fansels de wapens út dy't him it alderbêste en it aldergaadlikste taliken. Dy naam er mei en hy joech him fan hûs.

Op in paad dat de draak naam wachte er ôf. Mar troch dy draak syn fjoerige azem koe er him net rjocht benei komme, of him teminsten net reitsje. Mar hy kaam al sa ticht by him, dat de draak koe him pakke en hy wie dea.

Meidat de âldste net werom kaam, soe de twadde hinne, nei ferrin fan tiid. Dat wie ien, dy joech ek net folle om in oar. No ja, hy koe de minsken en de dieren noch wol libje litte, mar it moast net tefolle kostje, want hy wie ôfgryslik foar it jild, foar de rykdom. Hy moast der rij yn omslaan kinne. It folk hie it der ek net op stean, dat hy kening waard, want hy liet se bliede. Doe tochte dy twadde krekt as de âldste, no moat ik der om tinke, dat ik it bêste fjochtark der út kies. Hy socht in swurd út, dat wie in bytsje koarter as syn broer sines. Mar hy koe it net rêde, troch de draak syn fjoerige azem. De draak krige him ek yn 'e kloeren en ferskuorde him.

Se wachten wer in wike, en doe tocht de jongste, se komme net werom, no sil ik hinne. En de jongste wie goed. Hy gunde de minsken en de dieren safolle, dat ze rûm genôch hienen om te libjen. Wat bleauwen der foar wapens oer foar de jongste? In soarte fan dolk, mear wie der net. Ik wol it doch besykje, tocht er, want ik moat sjen, die ik de prinses win.

Doe kaam er dêr en hy seach de draak dêr lizzen. Hy krige gjin help, nee, hy moast alles sels dwaan. Mar hy naam dy dolk, hy sabele him fuort en hy rekke de draak lyk yn 't hert.

En dêr lei er. De kening wie ûntsettende bliid, dat dy draak dea wie. De prinses kaam by de prins en hy koe mei har trouwe.

It ryk fan 'e kening bloeide sa op, dat it in prachtich moai lân waard, en it lân fan 'e prins, dy't ûndertusken kening waard, gong ek hurd foarút. Alle minsken krigen it in stik better. Se hoegden lang safolle net mear op te bringen en se fielden in protte foar har nije kening.

En nei ferrin fan jierren rekke syn skoanheit út 'e tiid, en doe seinen de ministers fan it buoarlân: 'Wel, it giet mei it lân hjirnjonken wakkere bêst. Wy ha gjin troanopfolger, it is op 't lêst ús prinses, dat wy moatte de riken mar byinoar dwaan'.

En sa hawwe se noch lang libbe, en it is har goed gongen.


Text viewBook