Text view
De liuw, de ezel en de fokse
Title | De liuw, de ezel en de fokse |
---|---|
Book Author | Dam Jaarsma |
Language code | fry |
Origin (region) | Friesland |
In liuw, in ezel en in fokse, dy namen it beslút, hja soenen trijeresom út to jeijen. In dik soad wyld makken ze bút en dit leinen se op in greate heap.
De liuw seit tsjin 'e ezel:
"Partsje dû it om."
"Bêst," sei de ezel en hy makke der trije gelikense protsjes fan, dan krige elk likefolle.
Mar doe't de liuw dat saech, waerd er sa lulk, dat hy fleach de ezel oan en forskuorde him.
Doe sei de liuw tsjin 'e fokse:
"Partsje dû nou."
Mar hwat de fokse to dwaen hat, dy smyt alles op ien heap en dan seit er mei in bûging tsjin 'e liuw:
"Dû bist de kening der dieren. Mei ik ek in stikje der fan ha?"
Doe wie de liuw alhiel forgulde en sadwaende skikte er de fokse in great part ta.